Skeapost fan bedriuweterreinen

17 sep 2004 - 15:37

Ljouwert hat skea fan bedriuwsterreinen Zwettepark Noord en Newtonpark 3. Dêr soenen in terminal en ôffalbedriuwen komme, mar dat bart net. De gemeente hopet de grûn tusken 2006 en 2010 yn te foljen mei fabriken en kantoaren.

Oant dy tiid rint de rinte op. Hoe grut de skeapost is, hinget ôf fan hoe gau't de terreinen ferkocht wurde kinne. Wethâlder Van Mourik praat mei in mooglike kandidaat. Dat bedriuw soe 50 wurkplakken opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)