Skeakleems om UMTS-mêst

05 jan 2009 - 10:42
  • De mêst op it dak fan De Batting

Hast 300 minsken hawwe in skeakleem by soarchgroep Noorderbreedte yntsjinne tsjin in UMTS-mêst op it dak fan ferpleechhûs De Batting yn Harns. Dêrmei stelle bewenners, personiel en omwenners de soarchgroep oanspraaklik foar mooglike sûnensklachten yn ´e takomst.

De aksje is in inisjatyf fan de kliïnteried fan De Batting en de lokale SP. De UMTS-mêst stiet sûnt njoggen moanne op De_Batting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)