'Skeafûns moat tagonkliker'

15 mrt 2006 - 16:16

De steatefraksjes fan it CDA en de PvdA fine dat it skeafûns, dat ynsteld is foar minsken en bedriuwen dy't skea ûnderfine fan de sâltwinning, better tagonklik wurde moat. It is no dreech foar minsken om in fergoeding te krijen út it fûns om't it lestich te bewizen is dat de skea dy't se hawwe troch de sâltwinning komt.

De beide fraksjes wolle dat de bewiislêst omdraaid wurdt, sadat minsken earder oanspraak meitsje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)