Skeafergoeding wetteroerlêst

30 aug 2002 - 00:00

Ikkerbouwers dy't dupearre binne troch de wetteroerlêst fan de ôfrûne wiken, krije in skeafergoeding. Dy tasizzing die wethâlder Boorsma fan Dongeradiel tongersdei yn de riedsgearkomste.

As it Ryk net mei jild oer de brêge komt, dan docht de provinsje of de regio dat wol, sa sei Boorsma. Guon boeren ha wol 200.000 euro skea. Der komt in saneamd Platfoarm Wetterskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)