Skeafergoeding saak-Heijltjes

18 jul 2013 - 12:19

In Appelskeaster (39) krijt in fergoeding fan 13.000 euro om't er ûnterjochte 64 dagen fêstsitten hat foar de moard op frou Heijltjes yn Easterwâlde Dat hat de rjochter yn Ljouwert bepaald.

De fergoeding is twa kear sa heech as it standertbedrach dat dêrfoar stiet. Neffens advokaat Tjalling van der Goot hat dat te krijen mei de earnst fan de saak en de grutte oandacht yn de media. Boppedat soe de plysje befoaroardiele wurke hawwe. It iepenbier ministearje hat him bot ferset tsjin de hegere fergoeding.

In oare fertochte, in 33-jierrige man út De Fochtel, hat bekend dat er op 11 septimber 2012 frou Heijltjes ombrocht hat. De man út Appelskea is doe frijlitten. Hy kriget no dus in hege skeafergoeding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)