Skeafergoeding Manon Thomas

23 maaie 2014 - 11:09
  • Manon Thomas

In eardere buorman fan Manon Thomas moat 3000 euro skeafergoeding betelje oan de presintatrise. It bedrach is troch de sivile rjochter oan har tawiisd, omdat de man yn 2007 bleatfoto's fan har fia ynternet ferspraat hat.

De presintatrise hie in bedrach fan hast 360.000 euro easke, omdat sy in soad wurk misrûn wêze soe nei de publikaasje fan de foto's, en nei in psychiater moast om help. De rjochter wie lykwols net oertsjûge fan in ferbân tusken it net mear ynhieren fan de presintatrise en de publikaasje fan de foto's.

De eardere buorman fan de presintatrise wie earder troch de rjochtbank feroardiele ta in wurkstraf, in boete en skeafergoeding. Hy is letter troch de Hege Ried frijsprutsen fan it fersprieden fan de foto's, omdat der in fout makke wie by de ferfolging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)