Skeafergoeding kuierpaden

09 mrt 2005 - 14:59

Boeren en grûneigners dy't skea hawwe fan kuierders, krije in fergoeding fan de provinsje. Der moatte mear kuierpaden komme, fynt de provinsje. Mar dy rinne wol faak oer boerelân. Boeren binne benaud foar skea oan lân of fee. Om harren yn 'e mjitte te kommen, komt der no in fergoeding fan op syn heechst 2500 euro it gefal. By de provinsje binne oant ta gjin meldings fan skea ynkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)