Skeafergoeding foar bewenners

01 sep 2000 - 10:16

De bewenners fan de J. Prinsstrjitte yn Feanwâlden krije in skeafergoeding fan de Wenningstichting Dantumadiel. Dat hat de rjochter yn heger berop bepaald.

De skeafergoeding jildt foar de bewenners fan 16 wenten dy't yn de jierren '93 oant '96 in te heech formaldehydegehalte yn de dakplaten hiene. De bewenners kinne elk maksimaal 3500 gûne skeafergoeding krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)