Skeafergoeding foar Bakema?

20 feb 2002 - 00:00

Ald-wethâlder Bakema fan it Amelân easket mooglik in skeafergoeding fan de gemeente. Bakema stapte ferline jier op nei oanlieding fan in ferneatigjend rapport oer syn funksjonearjen.

Hy hat it rapport, dat âld-boargemaster Te Loo fan Ljouwert opsteld hie, ûnder- sykje litten troch juristen. Dy litte der hast neat fan hiel. Bakema sil no mooglik besykje skeafergoeding te krijen

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)