Skeafergoeding foar âld-masinist

03 maaie 2004 - 00:00

De NS hat in âld-ynwenner fan Ternaard in skeafergoeding betelle. Hy krige de fergoeding foar de psychyske skea dy't er oprûn hat by syn wurk as masinist. Hy makke njoggen selsmoardgefallen op it spoar mei. It is foar it earst dat in wurkjouwer sa oanspraaklik steld wurdt foar skea.

Oer de ynhâld fan de skikking binne gjin meidielings dien. De skikking kin in presedint wêze foar gelikense saken. Der rinne noch 14 saken fan masinisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)