Skeafergoeding foar 4 Dokkumers

08 des 2005 - 11:17

Buorlju fan it nije gemeentehûs yn Dokkum krije in planskeafergoeding fan de gemeente Dongeradiel. Troch de nijbou oan de Keningstrjitte is de eigen wensituaasje achterútgien. Sa is it útsicht minder wurden, is der minder privacy en hawwe de buorlju minder sinne troch it nije gebou.

It giet om fjouwer bewenners dy't bedragen fan 4700 oant 16 tûzen euro krije. Trije oare oanfragen foar planskea binne ôfwiisd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)