Skeaclaims nei minne diken

11 des 2012 - 20:54
  • ûngelok Ofslútdyk

As Fryske gemeenten net goed op de steat fan harren diken passe, kinne se skeaclaims ferwachtsje by ferkearsûngelokken. Dat is it gefolch fan in útspraak fan de rjochter yn Utrecht. De gemeente Stichtse Vecht hie de steat fan syn diken net op oarder en moat no in boete betelje oan de neibesteanden fan twa motorriders dy't ferline jier ferûngelokken op in stik minne dyk by Tienhoven. Neffens Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân, moat de gemeente ferkearsdielnimmers goed ynformeare oer de steat fan de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)