Skeaclaim yn saak Haule

21 nov 2003 - 00:00

De advokaat fan Sipke Doller komt wierskynlik mei in skeaclaim. Doller waard fertocht fan de moard op de kafeebaas fan De Haule. Hy hat 28 dagen fêstsitten, mar DNA-ûndersyk wiisde út dat hij de dieder net west hat.

Neffens advokaat Bruinsma hat syn kliënt in soad skea hân fan syn detinsje. Pas as Doller hielendal ûntslein wurdt fan strafferfolging, komt der mooglik in claim. Hoe heech oft dy wurdt, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)