Skeaclaim nei twadde stoaring

18 feb 2006 - 12:39

De twadde stroomstoaring yn in wike tiid yn Sint Nyk is in grutte strop foar in part fan de middenstân yn it doarp. Fan sân oant twa siet it doarp en omkriten sûnder stroom.

Foar sawol de supermerk as de bakker en grienteboer yn it doarp kamen de needaggregaten te let. In grut part fan it farske iten kin net langer ferkocht wurde. Ek rûnen de winkels klanten mis. De middenstân is fan doel in skeaclaim yn te tsjinjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)