Skea tsjerke 3 miljoen euro

05 feb 2013 - 14:26
  • Clemens-tsjerke
  • Clemenstsjerke It Amelân Nes

De skea troch de brân yn de Sint Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân wurdt rûsd op trije miljoen euro. De monumintale tsjerke út 1878 baarnde tiisdei folslein ôf. Allinne de pastorij en in bygebou koene behâlden bliuwe. Amelanners binne ferslein troch it ferlies fan de tsjerke. De katolike mienskip op it eilân is grut. In soad minsken ha persoanlike oantinkens oan de Sint Clemenstsjerke: se binne der troud, of har bern binne der doopt. Oare tsjerklike mienskippen hawwe har tsjerkegebouwen oanbean om dêr katolike tsjerketsjinsten te hâlden.

De gemeente siket ek mei nei in oplossing om de katolike tsjerkemienskip ûnderdak te bieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)