Skea troch wjerljocht

02 aug 2012 - 10:57
  • Wjerljocht
  • bliksemynslach
  • tsjerke De Lemmer
  • Skea troch wjerljocht, Amelân

Troch de tonger fan woansdeitenacht is rûnom yn de provinsje skea ûntstien. Huzen op It Amelân en yn Easterstreek rekken yn 'e brân nei in ynslach. Yn Easterstreek sloech de bliksem yn de keuken yn, wêrnei't brân ûntstie. De skea wurdt rûsd op 40.000 euro. It hûs oan de Reddingbootwei op It Amelân baarnde út. By de trije oare huzen yn it blok foel de stroom út.

Dak, souder en skoarstien fan wenningen yn Frjentsjer en Hollum rekken swier skansearre nei't se troch de wjerljocht troffen wiene. Der rekke net ien ferwûne.

De toer fan de grifformearde tsjerke op De Lemmer is ek troffen troch de bliksem. In part fan it dak is dêrtroch nei ûnderen kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)