'Skea troch oefening loftmacht'

13 nov 2002 - 00:00

De oefening fan Dutch Falcon fan de loftmobile brigade hat foar ûnrêst soarge yn it Lauwersmargebiet. Steatsboskbehear seit dat de trekfûgels grutte skea ûnderfûn hawwe fan de aksje. Ek 350 Skotse Heechlanners en 150 Konikhynders binne ferjage.

Neffens it oerlisorgaan Nationaal Park Lauwersmeer hawwe de helikopters fan de loftmacht leger flein as 500 meter. Dêrfoar hie definsje in ûntheffing oanfreegje moatten by de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)