Skea troch hurdfarrende kruser

31 jul 2012 - 10:09
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In kruser hat moandei op de Peanster Ie by Grou in soad skea feroarsake. Dat kaam omdat de opfarrenden fierste hurd giene mei de boat. Troch de hege golven krigen twa oare boaten dy't oan de kant leine, skea. De eigeners fan dy boaten warskôgen de plysje.

Mei in boargernetaksje op it wetter kaam de plysje derachter dat it om in hierboat gie. De plysje hat kontakt hân mei it ferhierbedriuw. De fertochten wurde meikoarten heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)