Skea troch boaiemdelgong yn Noardwest Fryslân oanpakt

27 nov 2015 - 17:05

It earste reparaasjewurk fan de skea troch boaiemdelgong yn Noardwest Fryslân is klear. De sâlt- en gaswinning yn dat gebiet hat it fersakjen feroarsake. Foar it werstelwurk is in pot mei 50 miljoen euro beskikber. De earste resultaten dêrfan yn Frjentsjerteradiel en Harns waarden freed oan in busfol pommeranten toand.

It giet dan net oan skea oan huzen of gebouwen, mar benammen oan de wetterhúshâlding. By Hjerbeam is dêrfoar bygelyks in nij gemaal yn gebrûk naam. Fierder wurde der sleatten breder makke, wêrtroch der mear wetter troch kin. Ek krije guon doarpen in opknapbeurt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)