Skea troch bliksemynslach

21 aug 2004 - 15:00

Freedtenacht is in wenning yn Hantum troffen troch de bliksem. Der ûntstie brân op de solder dy't grutte skea oprûn. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De bewenners koene op 'e tiid it hûs ferlitte. Dat wie foar in grut part te tankjen oan de hûn dy't begûn te blaffen.

Op It Amelân hat in camping lang sûnder stroom sitten omdat de bliksem ynslein wie yn in lantearnepeal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)