'Skea staking ferhelje op bûnen'

14 okt 2004 - 17:26

Direkteur Hettinga fan ferfiersbedriuw Arriva wol de skea fan de iepenbier ferfiersstaking ferhelje op de fakbûnen. Neffens Hettinga rint de skea yn 'e hûnderttûzenen euro's.

Hy neamt de staking skandalich, om't Arriva-sjauffeurs dy't net stake woenen op guon plakken yn 't lân, tsjinhâlden waarden troch fakbûnsleden. De fakbûnen slute net út dat ek oare sektoren ynkoarten in dei plat geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)