"Skea seediken falt ta"

22 okt 2014 - 17:55

De skea oan de Fryske seediken nei de hege wetterstân fan woansdei liket op it earste each ta te fallen. Dat seit Wetterskip Fryslân. It Wetterskip wie woansdeitemiddei drok dwaande om de seediken te kontrolearjen. Dat wie nedich om't it seewetter op guon plakken oant de diken ta stie. Guon stikken kwelders op it Noarderleech by Ferwert stean sels noch hieltiid ûnder wetter.

Tusken Ferwert en Holwert is wol in soad guod lykas âld gers en hout oanspield. Dat guod moat sa gau mooglik fuort om't it skealik is foar it gers op de diken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)