Skea oan wegen troch teiwaar

03 feb 2010 - 12:10

De diken yn Fryslân hawwe op dit stuit lêst fan optei. Troch it teiwaar teie de snie en it iis op 'e diken, mar omdat de ûndergrûn noch beferzen is, kin it wetter net fuort. Dêrtroch fersakje de fundearrings fan klinkertdiken, wêrtroch't der kûlen yn de diken komme.

Automobilisten hawwe dêrtroch ek nei de winter noch oerlêst, om't de diken reparearre wurde moatte. Wannear't dy reparaasjes begjinne is net dúdlik. De skea foar gemeenten rint yn de tonnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)