Skea oan pleats yn Wolsum troch brân yn melkmasine

06 jun 2015 - 10:31

By in brân op in pleats oan de Wolsumerwei yn Wolsum is fannacht skea ûntstien yn in part fan de melkmasines. De brân wie yn de skuorre neist de stâl. De brânwacht wist foar te kommen dat it fjoer oersloech nei de stâl. Der is by de brân net ien ferwûne rekke. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)