Skea oan huzen troch nijbou

02 jul 2004 - 17:28

It is in groeiend probleem: skea oan huzen nei't der yn de buert nijboud is. De feriening Eigen Huis pleitet foar bettere ôfspraken. Húseigners wurde no fan it kastje nei de muorre stjoerd en boubedriuwen krije steapels skeaclaims.

Eigen Huis lit wite dat der lanlik gjin regeljouwing is en dat it hiel dreech is om skea te bewizen. Har advys is dan ek om, foar it wurk begjint, ôfspraken te meitsjen mei oannimmers. Oars is de húseigner meastentiids de ferliezer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)