Skea oan huzen troch heien

05 feb 2004 - 00:00

In tal ynwenners yn it sintrum fan Eastermar wol fergoeding hawwe foar skea oan har wenning. Dy skea is nei alle gedachten ûntstien by it heien troch in boubedriuw út Willemsoord.

It bedriuw besocht ferline wike in damwand te slaan yn in sleat. De wand moast tsjinje as stipe foar in swiere kraan dy't boumaterialen oer it wetter tille soe. De hiele omjouwing begûn lykwols te skodzjen. It Drintse boubedriuw ûntkent te skuld net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)