Skea oan fearboat yn oanbou

23 feb 2005 - 15:53

By skipshelling Volharding Shipyard yn Harns hat in fearboat yn oanbou flinke skea oprûn oan de boaiem. Unbekenden ha it dok dêr't de boat yn leit leechrinne litten. De boat is dêrtroch op de grûn klapt en hat ferbûchde spanten en skuorren en dûken yn de romp oprûn.

De skea oan it skip wurdt rûsd op in heal miljoen. De direksje hat de plysje en in privé-detektive ynhierd om de dieders te finen. Der wurdt net útsletten dat dy út it bedriuw komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)