Skea nei brân yn Harns

27 sep 2006 - 22:51

By in brân oan de Spinhússtrjitte yn Harns is woansdei grutte skea ûntstien oan in wenhûs. In grut part fan de boppeferdjipping fan it hûs is ferlern gien. De brân ûntstie op de souder fan de wente. Om't de bewenner net thús wie, kaam de brân net fuortendaliks oan it ljocht.

De brânwacht hat mei twa blusteams dwaande west om it fjoer ûnder kontrôle te krijen. Hoe grut de skea no úteinliks is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)