Skea mokselfiskerij ûndersykje

27 feb 2008 - 10:37

Minister Verburg moat de gefolgen fan de mokselfiskerij op it Waad better ûndersykje. Dat hat de Raad van State bepaald. Natuerorganisaasjes hiene beswier oantekene sjin de fergunning foar it mokselfiskjen. Se binne benaud foar skea oan 'e natuer.

Neffens de Steatsrie hat de minister by it ôfjaan fan 'e fergunning net genôch oantoand dat der gjin skea wêze soe. De rie hat de minister opdracht jûn dat fierder te ûndersykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)