Skea by Mark de Vries falt ta

10 sep 2011 - 12:28
  • Mark de Vries is wierskynlik ynsetber

De ankelblessuere dy't Mark de Vries freed oprûn op de training fan Cambuur falt ta. Trainer Alfons Arts giet derfan út dat de oanfaller tsjin Volendam op de bank plaknimme kin. Op de al langer blessearre Robert van Boxel en Marco van der Heide nei is de seleksje fit. Mohamed El Makrini keart nei in búkspierblessuere werom.

De opstelling fan Cambuur sjocht der itselde út as twa wiken ferlyn tsjin Fortuna Sittard. Dy wedstriid waard mei 3-1 wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)