Skea kantoarpân troch brân

09 apr 2012 - 07:58

Der hat sneintejûn brân west yn in kantoarpân oan de Verlaatsterwei yn Gerkeskleaster. De brân begûn om in oere of healwei tsienen. De brânwachtkorpsen fan Droegeham, Bûtenpost en Drachten waarden oproppen om it fjoer te blussen. It lêste korps sette dêrfoar ek in ljedderwein yn. Der koe lykwols net foarkaam wurde dat it pân foar it grutste part ferlern gong.

Oer de hichte fan de skea en de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Yn it gebou sieten meardere bedriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)