Skea herstelle nei wynhoas

08 aug 2011 - 16:26
  • De pleats fan de famylje Boersma yn Furdgum hie in soad skea
  • De beammen gongen dwers troch it dak hinne (foto's: Evert van den Berg, Omrop Fryslân)

Dupearren fan de wynhoas dy't sneon oer Noardeast-Fryslân luts, binne moandei begûn mei it oprêden fan asbest. Troch de wynhoas foelen beammen op in boerepleats yn Foudgum en fleach it asbest yn it rûn. Snein waarden de earste needreparaasjes dien.

Yn Hantum en Ternaard soarge de wynhoas ek foar skea. Yn in pear minuten tiid waaiden beammen op huzen, waard in caravan de loft ynblaasd en stoarten sêres yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)