Skea by Hema troch brân

12 mrt 2007 - 11:20
  • De brân by Blom, rjochts de Hema

De Hema yn Ljouwert hat tsientûzenen euro's skea oprûn troch de brân by de njonkenlizzende kleanwinkel Blom. Freed baarnden by Blom twa ferdjippingen ôf. It gebou fan de Hema is fierder net skansearre.

De skea bestiet derút dat alle iten ôffierd is yn ferbân mei de reekskea. Klean en oar guod koe allegear bewarre bliuwe. Fierders is der wat skea troch ynkomsteferlies om't de winkel sneon letter iepengien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)