Skea guozzen oanpakke

20 feb 2010 - 13:47

LTO Nederlân wol dat de minister mear maatregels nimt om de guozzen yn de tawiisde fûrazjeargebieten te hâlden. Der sitte wol genôch guozzen yn dy gebieten, mar de skea bûten dizze gebieten is noch hieltyd te heech.

De lânbou-organisaasje stelt foar om de fûrazjeargebieten op in oare wize yn te siedzjen, sadat it oanbod fan fretten ferbettere wurdt en de fûgels minder gau op oare plakken fretten sykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)