Skea is grut by Sterkenburg

10 sep 2014 - 23:16

De skea is grut by fiskferwurkingsbedriuw Sterkenburg Vis en Garnalen yn Lauwerseach. It bedriuw is woansdei troffen troch in grutte brân. It gebou dêr't de fisk ferwurke wurdt is hielendal útbrând. It restaurant dat der njonken leit hat in soad reek en wetterskea oprûn. Om fiif oere hinne woansdeitemiddei waard it sein brânmaster jûn.

De brân ûntstie moarns om tsien oere hinne. De brânwacht hie muoite om it fjoer goed út te krijen, omdat se der min by komme koene.

Ferskate korpsen mei yn totaal sa'n 60 brânwachtminsken ha de brân bestriden. Der is ek in soad bluswetter yn it rioel telâne kaam en yn de haven. Der binne spesjale skermen pleatst om fersmoarging tsjin te gean. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat te sizzen.

Takom wykein soe yn Lauwerseach de Dag van de Garnaal hâlden wurde. Der waarden mear as 30-tûzen besikers ferwachte, mar dit feest is skrast. De organisaasje neamt de brân in ramp foar Lauwerseach en de famylje Sterkenburg. Der is al wol in nije datum foar it evenemint yn Lauwerseach. 2 maaie takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)