Skea by fytstunnel Ljouwert wurdt nei mear as in jier makke

30 jul 2015 - 14:29
  • De tankwein rekke krekt net in keunstwurk

Yn Ljouwert wurdt nei de boufak de skea by de fytstunnel by it Oostergoplein wer makke. Dêr ried yn april ferline jier in molkauto dwers troch de stekken hinne. Hy rekke krekt net in keunstwurk en bleau flak njonken de yngong fan de fytstunnel op it skeane talúd stykjen.

De reparaasje hat lang op him wachtsje litten fanwege de fersekering. Friso Bouwgroep sil de skea werstelle. It wurk duorret minstens in pear moannen, seit in meiwurker fan de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)