'Skea droechfallen ûndersykje'

04 feb 2003 - 00:00

De gefolgen fan it droechfallen op de Waadsee moatte ûndersocht wurde. Dat wol Steatsboskbehear. Minsken dy't mei har boat droechfalle, fersteure de natuer. Benammen fûgels ha te lijen fan it hieltyd populêrder wurdende droechfallen op sânbanken.

Der wurdt wurke oan in gedrachskoade dêr't boatsjefarders har oan hâlde moatte. Steatsboskbehear is net tsjin sa'n koade mar wol earst witte wat foar skea der mooglik foar de bisten is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)