Skea camping falt ta

09 jan 2012 - 17:01

De skea op camping Burgumermar liket ta te fallen. It wetter kaam tongersdei hieltyd heger te stean om't it út de mar wei oer de diken streamde. De gemeente sleat de tagongsdyk ôf en bea bewenners in hoteloernachting oan, want mooglik soe de stroom ôfsletten wurde.

No, in pear dagen letter, is it measte wetter wol fuort en kin de skea opmakke wurde. De measte caravans stiene heech genôch om droech te bliuwen.

Mar it wetter streamde wol in tal hokjes by de steancaravans yn. Dêr hawwe in soad campinggasten in waskmasine stean. Hoe grut oft de skea mei-inoar is, is noch net te sizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)