Skea brân Vlierijck ûndúdlik

15 mrt 2014 - 12:11
  • Vlierijck

Behearder Tsjerk Dijkstra fan appartemintekompleks Vlierijck op Flylân hat noch gjin idee hoe grut de skea fan de brân earder dizze wike is. Ek is noch hieltyd net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. Tiisdei bruts om it middeisoere hinne brân út yn de nok fan it kompleks mei in reiden dak. De brânwacht wie gau te plak en koe foarkomme dat it gebou folslein útbaarnde. Om't by it blussen sâlt wetter brûkt is, sil it noch wol eefkes duorje foar't alle skea dúdlik is.

In soad fan de elektra is oantaaste troch it sâlte wetter en mooglik ek de betonnen en sânstiennen flierren en muorren. Seis apparteminten ha swiere skea oprûn. De oare apparteminten wurde sa gau as mooglik wer klear makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)