Skea brân liket ta te fallen

01 aug 2007 - 20:15
  • de skea fan de brân liket ta te fallen

De skea fan de brân by feefoerfabryk Sikma yn Strobos woansdei liket ta te fallen. De reparaasje fan stikkene masines sil in tal dagen yn beslach nimme. Ek hawwe de eigners Sikma help oanbean krigen fan kollega's sadat der wol oan klanten levere wurde kin.

De brân ûntstie yn in kanaal dêr't de moal trochhinne komt. Mooglik hat in mankemint oan in masine foar fonkfoarming soarge. De brânwacht hat it smeulende moal nei bûten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)