Skea by brân Haulerwyk

10 mrt 2006 - 13:54

By in brân yn it bedriuw Allspan Animal Beddings yn Haulerwyk is tongersdei foar tsientûzenen euro's skea ûntstien. It bedriuw makket seachsel foar de biste-yndustry.

It fjoer ûntstie yn in parse en sloech oer nei in ôfsûchynstallaasje. De brânwacht koe earst dreech by it fjoer komme. Der moast earst in part fan de ôfsûch-ynstallaasje ôfbrutsen wurde. Tsjin healwei ienen nachts wie it fjoer ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)