Skea asbest falt hockeyers ôf

29 mrt 2014 - 13:09
  • De jeugdleden kinne wol wer spylje, mar de kantine kinne se net yn
  • Bekers yn stee fan pionnen, want dy lizze yn ôfsletten klupgebou

Hockeyklup HMHC yn Harns kin noch hieltyd gjin gebrûk meitsje fan it klupgebou. Twa wike ferlyn waard asbest fûn yn it gebou nei't in plaat ôfbrutsen wie yn in húske. Mooglik rint de skea yn de tsientûzenen euro's. Trainers kinne net traine, mar wol kosten yn rekken bringe en de keeperspakken moatte miskien weismiten wurde, om't dêr asbestfezels yn sitte.

De jongste hockeyers koene sneon wol wer it fjild op, mar de kantine wie net tagonklik. Iten en drinken wie no te krijen op picknicksets bûtendoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)