Skaters wolle dúdlikheid fan gemeente Ljouwert oer skatebaan

24 jun 2015 - 21:20
  • Skater

De skaters fan skatepark oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert hawwe noch hieltyd gjin dúdlikheid fan de gemeente krigen oer in nij of te renovearjen skatebaan. Troch de hurde ûndergrûn rinne de brûkers swiere ferwûnings op wannear't se falle.

Dêrom hat de skateferiening Ljouwert woansdeitemiddei nochris in oprop dien oan de gemeente. Yn de Harmonie joech de jongerein in presintaasje oer wat it skaten betsjut foar de kultuer yn Ljouwert en omkriten. Dêrneist waard ûnderstreke wat de ûnfeilige situaasjes ta gefolch ha kinne.

Wethâlder Henk Deinum is entûsjast oer it inisjatyf fan de skaters. Hy seit dat er de oprop foarlizze sil oan de portefúljehalder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)