Skaters kinne earst bliuwe

27 okt 2003 - 00:00

Ljouwerter jongeren kinne foarearst skaten bliuwe yn in ta skatepark omboude fabrykshal. Ferline wike kreaken se de leechsteande hal om't se fan de gemeente gjin skatebaan krije.

De eigner fan de hal woe fia de rjochter de kreakers út it gebou sette. It koart pleit dat moandei tsjinje soe is lykwols op it lêste momint ôfblaasd. Dêrmei wol de eigner de belutsen partijen de tiid jaan om ta in definitive oplossing te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)