Skatepark Ljouwert fan 'e baan

09 sep 2003 - 00:00

Ljouwert krijt foarearst gjin profesjoneel skatepark. De gemeente moat 6 miljoen euro besunigje en hat dêr gjin jild foaroer. De Ljouwerter Skateferiening telt 225 leden en in tal fan harren beaën moandei hantekens oan op de riedsgearkomste om harren fersyk krêft by te setten. De besteande skatebaan is te lyts, fine se.

De skateferiening besiket no it jild út fûnsen te krijen. Der is mei-inoar sawat in heal miljoen euro nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)