Skatebanen yn Achtkarspelen

26 apr 2004 - 00:00

De skatebaan yn Bûtenpost moat neist it swimbad De Kûpe komme. Dat is it bêtse plak neffens de skaters, Pleatslik Belang, wolwêzensstichting Het Achtkant en de gemeente. Oer de plannen is moandei in gearkomste yn Bûtenpost.

Achtkarspelen hat twa plakken oanwiisd dêr't skatebanen komme sille. Neist Bûtenpost komt der ek ien yn Surhústerfean by it parkearplak fan sportpark 't Ketting. Buertbewenners ha dêr ferskate kearen tsjin protestearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)