Skatebaan iepene yn Harns

06 des 2003 - 00:00

Oan de Van Oldebarneveldtstrjitte yn Harns is sneon in skatebaan iepene. Jongeren út de stêd hiene sûnt de jierren 70 al frege om de oanlis fan in skatebaan, mar de gemeente woe der nea oan.

Beide partijen binne yn de rin fan de tiid wol mei-elkoar om de tafel gien, mei as resultaat dat de skatebaan oanlein wurde koe. Benammen jongerenwurk 't Onderdeel hat him der bot foar ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)