Skatebaan foarearst fan 'e baan

29 sep 2003 - 00:00

De jeugd fan Surhústerfean kriget foarearst gjin skatebaan. It beslút dêroer kin noch wol in jier duorje, sa hawwe boargemaster en wethâlders meidield.

De jeugd wol graach in skatebaan hawwe by sportpark 't Ketting. Lykwols, dêr is net net elkenien yn 'e gemeente Achtkarspelen bliid mei. Sadwaande moat de jongerein noch eefkes geduld hawwe en komt der foarearst gjin dúdlikens oer de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)