Skate-off foar Wieteke Cramer

30 des 2002 - 00:00

Wieteke Cramer moat yn in skate-off mei Yvonne Leever stride om it fjirde startbewiis foar it WK-sprint op 18 en 19 jannewaris yn Calgary. Marieke Wijsman waard nei it NK-sprint dit wykein yn Thialf as tredde dielnimmer oanwiisd troch de KNSB. Andrea Nuyt en Marianne Timmer hiene har al pleatst.

Ralf van der Rijst start 3 jannewaris op it EK-allround yn Thialf foar de DPA ploech fan Ingrid Paul dêr't Ids Postma en Gretha Smit ek diel fan útmeitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)