Skate-off foar Beorn Nijenhuis

31 des 2004 - 16:16

Sprinters Erben Wennemars en Beorn Nijenhuis sille begjin jannewaris yn Calgary mei in skate-off útmeitsje wa't fan harren meidwaan sil oan de WK Sprint yn Salt Lake City. De kommisje topsport fan 'e KNSB naam dit beslút tongersdei, omdat beide sprinters foelen op it NK Sprint yn Grins.

Yn Calgary wurdt in klassemint opmakke oer de bêste 500 en de 1000 meter fan beide riders. Wennemars tinkt dat it dreech wurdt om fan Nijehuis te winnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)